De film is produsearre as ien fan de aktiviteiten fan it nije praktoraat Frysk en Meartaligens.
Wekker is de earste film yn in rige fan trije en is spesjaal ûntwikkele foar it fak boargerskip. De film is in swarte komeedzje oer egoïsme, kommunikaasje en grinzen, en jout studinten oanlieding om nei te tinken oer morele keuzes en maatskiplike ferantwurdlikens.
Yn it ramt fan dit projekt bringt de Afûk twa koarte ferhalen út, spesjaal foar it mbû. De earste is "In frou moat harsels rêde" fan Sipke de Schiffart, de ynspiraasjeboarne foar Wekker. "As sliepende hûnen wekker" wurde fan Bart Kingma is it ferfolch op Wekker en fertelt oer Dieuwke en har ferburgen ferline dat nei fjirtich jier boppe komt nei in lytse misstap. Skriuwer Bart Kingma nimt de lêzer op fassinearjende wize mei yn de persoanlike wrakseling fan Dieuwke en de konfrontaasje mei har ferline.
Krekt dizze refleksje fan de haadrolspiler op itjinge wat earder barde soarget foar in weardefolle kâns om it yn de klassen te hawwen oer konflikten, oplossingen en dialooch. Op dit stuit wurdt der mei ferskate dosinten wurke oan bypassend lesmateriaal, sadat it projekt fan febrewaris ôf yn te setten is.
"Populêre kultuer yn de eigen taal, tink oan Frysktalige muzyk, Fryske searjes, films en podcasts, mar ek it Frysk op sosjale media, is gewoan hiel belangryk. It draacht by oan it taalbewustwêzen fan de jongerein en it soarget derfoar dat se sels de taal ek faker brûke."
— Lysbeth Jongbloed, praktor Frysk en Meartaligens